Ferpleechkundige Tryntsje Beimers fan Sint-Anne gie yn 1953 nei Tanzania om dêr it evangeelje te bringen. We sjogge by har no't se 81 jier is. Se hat hiel wat út de wei set yn Kilangala. Se hat bern opfongen, se kinne nei skoalle, jongeren leare allerhanne saken yn de wurkpleats en der is in weeshûs. Se krijt finansjele help út Fryslân en stipe fan famyljeleden.
Mirjam Timmer en Johan van der Veen út Wergea skoare mei 'Wêr bisto?' de earste Frysktalige nûmer 1 yn Nederlân. It duo dat bekend waard as publykswinner fan sjongfestival Liet hâldt op. Mei ferskillende minsken út de muzwykwrâld sjogge we werom op it duo dat begûn op talintejachten. Nei de hit folge lanlike bekendheid, in klip, platekontrakt, toernee, twadde cd en teätertoernee.
Yn de 20ste iuw wienen in soad minsken lid fan de drankbestriding, ien fan de oarsaken fan earmoede ûnder arbeiders. De ANDO (Algemene Nederlandse Drankbestrijders Organisatie) bestiet noch altyd en jout û.o. foarljochting. We hearre wat oer de skiednis, it read-blauwe Reduzum dat mei dûmny Boers in strider tsjin drank hie. De Blauwe Tinte is dêr noch in foarbyld fan. We sjogge by Us Blau Hiem, in akkommodaasje en camping dêr't gjin alkohol skonken wurdt. Dêr wienen op Himelfeartsdei optochten dêr't ôfdielingen mei findels yn meirûnen.
De grutte slachterij Brada yn Ljouwert wie in begryp: kij gienen net nei de slachter, nee kij gienen nei Brada. Oait begûn yn de Lytse Tsjerkestjitte ferhuze it famyljebedriuw yn de jierren tritich nei de Snekertrekweg. Dêr fertelt Benno Brada, sechsde generaasje, oer de skiednis fan it bedriuw en de úteinlike ferkeap oan slachter Aaldert Wildeboer út Hollandscheveld. Skulden en de tongblierkrisis makken in ein oan Brada. Ald-wurknimmers komme oan it wurd en we sjogge op it bedriuw, noch yn aksje en no't it leech is. Ek feehanneler Bonne Speerstra komt oan it wurd.
Yn 1950 kaam it skearapparatefabryk fan Philips yn Drachten. Jierrenlang waarden alle ûnderdielen fan de Philishave dêr makke. No't de direksje besletten hat om in ûnderdiel (de motor) út Japan te heljen (it wurdt makke yn Sina), is der ûnrêst ûnder de wurknimmers. Neffens guon saakkundigen in logyske ekonomyske stap, neffens oaren it begjin fan de ein. Wurknimmers komme oan it wurd, direkteuren, heechleararen, it fakbûn en in âld-steatssiktaris en âld-minister. Der is ek in soad argyfmateriaal fan it wurk yn it fabryk.
Surhuzum (1400 ynwenners) wol graach in doarpshûs, in pear froulju binne dêr al jierren mei dwaande. Yn Langedike (300 ynwenners) is al lang in doarsphûs, mar dat moat ferboud wurde. En yn Aldetrine moat it doarpshûs (yn de tsjerke) opknapt wurde. In stichting helpt en advisearret doarpen by har plannen. Der komt hiel wat by sjen, hoe komt it mei de sinteraasje? Tal fan partijen gean der oer en wa docht it behear en binne der wol genôch frijwilligers?
Massoud Memar Nezhad út Iran learde gitaarbouwer Wim Heins kennen en makke dizze film oer him. We folgje it hiele proses, fan it útsykjen fan it goede hout oant it bespyljen troch de bekende gitaarfirtuoas Jan Akkerman.
We sjogge by de Fryske krite yn Amsterdam dy't 65 jier bestiet, se ha in feestjûn mei Teake van der Meer. Tal fan Friezen gienen nei de grutte stêd Amsterdam, ûnder oare om wurk te finen. Histoarikus Frank Suurenbroek fertelt deroer en der is in soad argyfmateriaal te sjen. Twa Friezen om utens dogge har ferhaal: akteur Hilbert Dijkstra (dy't ek by Tryater spilet) en Tryntsje Hemstra dy't as ferpleechkundige nei de stêd kaam. Hoe is de oergong foar har en hoe Frysk fiele se har?
Jan Eisenga wurket as lobbyist foar de trije noardlike provinsjes yn Den Haag. Hy praat in soad mei Keamerleden en hat fansels kontakten yn de provinsjes. Ien fan syn dossiers is de hege snelheidsline. We sjogge him oan it wurk en we komme yn de kunde mei syn opfolger Henk Postma.
Hûnderten doarpen op it plattelân ha gjin breedbân-ynternet. Grutte bedriuwen ynvestearje net yn dy lytse doarpen omdat dat net út kin. Op allerhanne plakken ûntstean inisjativen om in ADSL-netwurk of wat ferlykbers oan te bieden. We sjogge yn Nijlân, Seisbierrum en Drylts. Ek bedriuwen komme oan it wurd en de polityk fan de trije noardlike provinsjes prate oer in plan fan oanpak.
Foar- en tsjinstanners fan wynmûnen komme oan it wurd. Tsjinstanners ha noed oer de oantaasting fan it lânskip en de oerlêst, foarstanners wolle skjinne enerzjy en it smyt wat op. Yn Sibrandahûs is mei sukses fûl protestearre tsjin ferskate plannen, mar de relaasje mei de buorlju waard net better. Yn Boazum hat in boer ien mûne pleatst, de buorlju goed 200 meter fierderop ha oerlêst. Ek in heechlearaar komt oan it wurd, krekt as de polityk en de projektûntwikkeler.
We folgje Frysk dichter en keunstner yn syn ferbliuw yn Nice, Frankryk. Syn heit wie frankofyl en bruts in stientsje út in koarstoel út de katedraal fan Blois, doe't er dêr yn de oarloch oan it wurk wie. Dat sûvenir bringt Dalstra nei Frankryk, om net inkeld in fysike reis te meitsjen, mar ek in geastlike reis. We folgje him yn syn libben, by de haven, troch de stêd, yn it museum en by it talefestival. Syn plan is om in boek te meitsjen.