Dokter Deen is al 10 jier húsdokter op Flylân, mei syn frou Helga hat er de (apteekhâldende) praktyk. Hy is net inkeld dokter, mar ek feedokter, toskedokter, geriater, psycholooch, bedriuwsdokter, maatskiplik wurker en noch mear. Yn syn praktyk komt er alles tsjin, fan berte oant dea. We sjogge him oan it wurk op it sprekoere, as er fisites rydt, by de maneezje is, help ferlient, mar ek as koarlid en trou-amtner. Hy fertelt oer syn wurk en de foar- en neidielen op in eilân, dokter binne je altyd. Eins is der ferlet fan in twadde dokter op it eilân.
Flylân is it meast isolearre waadeilân, mei twa oeren farren fan de wâl. Tal fan bewenners komme oan it wurd. Se fertelle oer de foardielen, romte, natuer en frijheid, mar der binne ek neidielen, elk ken elkoar en net alles is foarhannen. Boargemaster Rob van der Mark is ien fan de sprekkers, lykas bakkerssoan en no hoteleigener Harry Westers en ferskate eilanners wêrûnder Gerrit Grijpstra, Tjikke van Houten en Annie Soolsma-Hoedemaker. We sjogge ek de eilanner fariant fan it Sinteklazefeest wêrby't eilanners har ferklaaie.
Portret fan byldzjend keunstner Rienold Postma. Hy hat in nij atelier oan hûs yn Weidum, earder skildere er op de sliepkeamer boppe mar dat waard te lyts. Hy fertelt oer syn wurk en ynspiraasjeboarne. Leafde foar dowen brocht him oan it tekenjen. Earder skreau er ek ferhalen mar dat docht er net mear. Ek eksposearjen docht er net, hy jout syn wurk yn boeken út.
Nilgün Yerli kaam as famke fan 10 út Turkije nei It Hearrenfean. Se fielde har 'verdwaald' omdat se de taal net koe. No is de skriuwster, kabaretière en aktrise werom op It Fean. Se ken de grienteboer op de merk noch. Ek sjogge we wêr't de famylje wenne en wêr't har skoalle wie. Se is har heit tankber dat se de rykdom fan twa kultueren kennen leard hat. We sjogge ek stikjes fan har foarstelling.
Johan van der Zee wie de redakteur foar Fryslân by it telefyzjeprogramma Van gewest tot gewest. By syn ôfskied sjocht er werom en op de resepsje komme kollega's oan it wurd.
Van der Zee wurke by de RONO en kaam yn 1968 yn tsjinst yn Hilversum. We sjogge fragminten fan ferskillende reportaazjes dy't er makke, lykas syn earste op De Harkema, en we sjogge by de lêste reportaazje dy't er makket oer de gefolgen fan sâltwinning en de skea fan boaiemdelgong. Hy fertelt ûnder oare oer it foaroardiel dat bûten de Rânestêd elk op klompen rint en oer it brûken fan it Frysk.
Portret fan dichter, performer, redakteur en organisator Tsead Bruinja (1974). Hy komt fan Rinsumageast en wennet yn Grins. Hy skriuwt yn it Nederlânsk en Frysk. Hy fertelt ûnder oare oer hoe't er ta dichtsjen kaam en wat syn ambysjes binne. We sjogge him optreden en oan it wurk.
De opkomst by de gemeenteriedsferkiezingen is leech en it is dreech om minsken te finen foar de lokale polityk. Professor Douwe Jan Elzinga (RUG) hat in plan betocht om de polityk tichterby de minsken te krijen. We folgje ek twa politisy. Rudy Heins is noch net sa lang riedslid yn Kollumerlân, hy is konserzje yn it deistich libben. Mei soan Jorn giet er by de doarren del om kampanje te fieren foar de PvdA. Wethâlder Hero Werkman hâldt nei 17 jier op yn Weststellingwerf. Nei in konflikt begûn er syn eigen lokale partij. Beide politisy fertelle oer har driuwfearren.
Doekle Terpstra, foarsitter fan fakbûn CNV, en Hans de Boer, foarsitter fan MKB Nederland, kenne mekoar fan Wytmarsum. Se wiene buorjonges. No binne se werom, rinne troch it doarp en sjogge yn de tsjerke. Yn de kroech fertelle se oer har jeugd en wurk fan no. Persoanlik kinne se it goed fine, mar ynhâldlik ha se in oare opfetting oer de ynrjochting fan de maatskippij. Ek prate se oer de sjarme (en de foardielen) fan in doarp.
De Braziliaanske 'ecodesigner' Aguida Zanol is op útnûging fan de provinsje in moanne yn Fryslân foar in tentoanstelling, moadeshow en in workshop. Se makket klean, assessoires, skuon en meubels fan ôffal. Fan û.o. metaal, plestik, papier, glês en rubber docht se dat. We sjogge har ek oan it wurk yn har atelier yn Belo Horizonte yn Brazilië dêr't se kontakt hat mei de ôffalynsammelers. Se wol sjen litte datst mei ôffal moaie en brûkbere dingen meitsje kinst en wol sa helpe minder it miljeu te fersmoargjen. Se ferkeapet har klean oan artysten en giet ek yn Ljouwert by de winkels del.
Yn 2004 fierde it Concours Hippique Droegeham it 25-jierrich jubileum en der waard grut utpakt. Grutte publykslûkers wiene de goudenmedaljewinners fan de Olympyske Spelen yn Athene, Leontien van Moorsel en Anky van Grunsven.