Portret fan artistyk lieder Ira Judkovskaja fan toanielselskip Tryater. De fan oarsprong Russyske kaam yn 1990 nei Nederlân en weaget har no oan it Frysk. Tryater komt mei har grutste teaterproduksje ea, de Alvestêdetocht, fanwege it 100-jierrich bestean fan de tocht.
De ierappel hat him sûnt de yntroduksje yn 'e 16e iuw yn Europa ûntwikkele ta it fjirde lânbougewaaks; nei weet, rys en mais. De ierappel waard rûn 1536 meinommen fan Súd-Amearika nei Spanje. De doku giet yn op de histoarje, de feredeling en de ekonomyske wearde fan de ierappel.
Griend is it lytste waadeilân fan Nederlân. It is in beskerme fûgelreservaat. Fan april oant en mei july wennet der in biologe-echtpear. Omrop Fryslân filme op it eilân om te sjen hoe't de minsken harren ferhâlde ta de fûgels.
Gryt van Duinen liedt twa diskusjes: Klaas Jansma en Durk van der Schaaf prate oer de betinking fan de Slach by Warns. De twadde diskusje giet oer de reorganisaasje by Frico Domo, mei boeren, wurknimmers en minsken fan it fakbûn.
Under de namme Fryslân Boppe stjoerde Omrop Fryslân tusken 1991 en 1994 op de sneinen in rige diskusjes oer maatskiplike ûnderwerpen út, fanút de Koperen Tuin yn Ljouwert of in oare bysûndere lokaasje.
Skriuwster Riek Landman praat oan tafel by Bouke Oldenhof oer har wurk, har ferline en har persoan. Yn 1995 wie se de bêst ferkeapjende auteur by de sutelaksje fan Fryske boeken, mar earder wie se aktrise by ferneamde toanielselskippen.