It twadde diel fan it kultuerprogramma Spegels út 2005 oer iepenloftspullen mei Spul om neat fan Ysbrechtum, Lucky Manuelo fan Wergea, De wraak fan it wrâldwiif fan It Bildt en Hurd om hut fan Jobbegea.
In programma oer de begjinjierren fan it iepenloftspul fan Jorwert mei Gais Meinsma, dy't meidie oan it earste iepenloftspul en dêrnei fyftich jier lang ferantwurdlik wie foar alle mooglike omballingen, en dûmny Verstoep, ien fan de inisjatyfnimmers en de earste regisseur. Ek is te sjen hoe't de produksje fan 2003, Ik wol spylje!, ta stân komt. En Hanneke Roelofsen makke mei alle ynwenners fan Jorwert in monumint dêr't in foardrager op stiet.
Piter Boersma bewurke it boek en toanielstik Les jeux sont faits fan Jean-Paul Sartre ta it stik Kearewear, dat yn 1997 opfierd waard as it iepenloftspul fan Wergea.
Dizze ôflevering út 2005 fan it kultuerprogramma Spegels stiet yn it ramt fan de iepenloftspullen Hair fan Dronryp, Odyssee fan Easterwierrum, Eije Wiekstra fan De Harkema en Puntila fan Burgum.
Yn ien fan de âldste útstjoeringen fan Hea! sjogge we yn de âlde bankklûs dêr't de gemeente Ljouwert har 'gevonden voorwerpen' bewarret. Yn de rubyk sûvenir giet it oer it bysûndere wetter dat Irene Overduin fan fakânsje meinaam foar har soan Tom. En Erik Snel sammelet filmapparatuer.
Ljouwert hat trije hegeskoallen: CHN, NHL en Van Hall. Mar Ljouwert is lanlik net echt bekend is hbo-stêd. Op de foarljochtingsdagen docht bliken dat oankommende studinten net goed witte wat se fan Ljouwert ferwachtsje kinne. Bestjoerders fan de hegeskoallen komme oan it wurd, mar ek studinten. Dy fertelle oer har oplieding en it studintelibben.