LTV_SUNDER_MIS_SNITSER_KANTORIJ_230400_WR

Sûnder mis: Fryske fariant fan de roomske mis

23 April 2000

Dirigint Bob Pruiksma betocht it plan om foar de teksten fan de mis yn de roomske tsjerke Fryske teksten meitsje te litten. Ferskate dichters wurken deroan mei, wêrûnder Berber van der Geest dy't deroer fertelt. De Snitser Kantorij sjongt de lieten yn de Sint Martinustsjerke yn Snits.

LTV_KEN_U_ZELVEN_020400_WR

Ken U Zelven, oer de lôzje fan de frijmitselers yn Snits

02 April 2000

Programma oer de frijmitselerij, we sjogge by de lôzje yn Snits. Leden fertelle oer har lidmaatskip, we sjogge by in byienkomst en hearre mear oer de skiednis, symboalen en rituelen fan dit genoatskip dat leden helpt by it sykjen nei wierheid. Inkeld mannen kinne lid wurde, se wurde ynwijd.

LTV_STIK_FOAR_STIK_LEAVE_BERN_190300_WR

Stik foar stik leave bern

19 Maart 2000

We sjogge by skoalmienskip Piter Jelles yn Ljouwert dêr't in skoalagint oer syn wurk fertelt. Nei oanlieding fan de dea fan Meindert Tjoelker is in plan makke om it geweld yn de stêd werom te bringen. In lytse groep jeugd fertoant net winske gedrach en dêr wurdt op ynset. Pedagooch Lauk Woltring ûndersiket jeugdgedrach en Buro Halt begeliedt jongeren.

LTV_POSITYF_BUORKJE_120300_WR

Posityf buorkje

12 Maart 2000

Biologysk buorkje komt mear en mear foar. We sjogge by feehâlder Lieuwe Meekma en by bouboer Elias van der Werf. Beide leverje produkten ôf mei it eko-keurmerk. Ek sjogge we by de natuerwinkel en by Odin dy't fan allerhanne produsinten wykliks biologyske griente- en fruittassen makket en oan abonneminthâlders leveret.

LTV_IT_LAN_SAKKET_050300_WR

It lân sakket; oer de gefolgen fan de boaiemdelgong

05 Maart 2000

Programma oer boaiemdelgong; we sjogge by minsken yn Grou, Boazum en Pitersbierrum dy't skea hawwe oan har huzen, der binne skuorren en fersakkingen. Tal fan saakkundigen komme oan it wurd: wurdt de delgong feroarsake troch gas- en sâltwinning of net? De bedriuwen (Elf Petroland, NAM en Frima) sizze dat de skea troch oare oarsaken ûntstean kin, oaren betwivelje dat. Ek de polityk komt oan it wurd.

LTV_LAN_FAN_DOARPEN_160100_WR

Lân fan doarpen, de films fan J.W.L. Adolfs

16 Jannewaris 2000

Johan Adolfs út Enschede makke tusken 1948 en1970 in hiel soad Fryske doarpsfilms. Syn widdo fertelt oer de wurkwize en ek de widdo fan de twadde kameraman komt oan it wurd. Mar we sjogge foaral opnamen fan in grut ferskaat oan doarpen, bewenners, skoallen, middenstanners en ferieningen. Troch de yndustrialisaasje lutsen minsken mear nei de stêd en sa hie Adolfs in feroarjend doarpslibben fêstlein. By in fertoaning yn Berltsum ropt de film 37 jier letter in soad oantinkens op.

LTV_LAN_FAN_DREAM_EN_WINSKEN_1_PELLA_300100_WR

Lân fan Dream en Winsken: diel 1: Pella, Iowa

30 Jannewaris 2000

We folgje twa Friezen om utens dy't nei Amearika emigrearre binne. Se wenje it midwesten yn Pella, yn de steat Iowa. Dêr wenje in soad emigranten út Nederlân en Fryslân. Bouboer Tom (Tabe) de Vries makke yn 1948, hy wie doe 20 jier, de oerstek mei de boat út Rotterdam wei. Hy hat in grut bedriuw fan 400 bunder. De pake fan Ralph Jaarsma kaam yn 1882 nei Amearika en begûn in bakkerij. Dat bedriuw bestiet noch altyd, se meitsje Nederlânske produkten as spekulaas en bûterkoeke. Se fertelle oer har libben en wat Fryslân foar har betsjut.

LTV_LAN_FAN_DREAM_EN_WINSKEN_4_MICHIGAN_200200_WR

Lân fan Dream en Winsken: diel 4: Holland, Michigan

20 Febrewaris 2000

We folgje Hendrik Baron, Sippe Boonstra en Feije Hekstra dy't yn de steat Michigan wenje. Baron emigrearre yn 1948 nei Amearika, dêr't er heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde waard. Hekstra makke yn 1952 de oerstek, hy hat no in grutte stâl mei Fryske hynders. Boonstra, oarspronklik fan Tsjummearum, hat in boekhannel. Alle trije fertelle se oer wat se berikt ha yn it libben, mar ek dat se eins nergens thús hearre, se tinke bot nei oer har identiteit. Mei Hendrik Baron en Feije Hekstra geane we ek werom nei harren berteplak yn Fryslân (De Pein en Damwâld).

LTV_LAN_FAN_DREAM_EN_WINSKEN_3_FRIESLAND_130200_WR

Lân fan Dream en Winsken: diel 3, Friesland yn Wisconsin en Vriesland yn Michigan

13 Febrewaris 2000

We sjogge by Friezen dy't emigrearre binne nei de stêden Friesland yn Wisconsin en Vriesland yn Michigan. Yn Friesland (W) moetsje we Melle en Akke Hoffman dy't noch Frysk prate en yn Vriesland (M) moetsje we Bill Tuinstra, oarspronklik fan It Hearrenfean. Beide mannen fertelle oer de emigraasje, de famylje, de rol fan de taal en it plak dêr't se no wenje. Op de toernee fan it Burgumer Manljuskoar komme se ek yn dizze plakken. By de konserten treffe Friezen om utens inoar.

LTV_LAN_FAN_DREAM_EN_WINSKEN_2_ORANGE_CITY_060200_WR

Lân fan Dream en Winsken: diel 2, Orange City, Iowa

06 Febrewaris 2000

Ien fan de meast suksesfolle emigranten yn Amearika wie Andrew Vogel, dy't as Anne Vogel yn 1913 emigrearre út Berltsum wei nei de steat Iowa. Hy wie oprjochter fan Diamond Vogel Paints, ien fan de grutste fervekonserns yn it midwesten fan de Feriene Steaten. It is in famyljebedriuw dat grutsk is op de Fryske woartels. Op reis mei it Burgumer Manljuskoar troch Amearika, yn oktober 1999, makke Omrop Fryslan noch in ynterview mei de doe 103 jier âlde Vogel. Se sjonge it Frysk folksliet foar him. Hy ferstoar yn maart 2000.

PETROLANDL7_WR

Petroland L7

27 Augustus 1996

In rige út 1996 oer it platfoarm L7 fan Elf Petroland yn de Noardsee. De trije dielen oer it boareilân behannelje de technyk fan it oaljewinnen, de feiligens en it libben offshore.

LTV_FEIKE_BOSCHMA_141199_WR

Dûnsjend mei syn skaad: poppespiler Feike Boschma

14 Novimber 1999

Poppespiler Feike Boschma fertelt oer syn wurk. In doaze mei lapen op souder wie it begjin fan syn fassinaasje foar poppen. Mei minimale middels wit er in soad te sizzen, op in keunstsinnige wize en dat hege nivo hat er al 50 jier. We sjogge him oan it wurk en by de opbou nei in foarstelling. Ek oare poppespilers komme oan it wurd.

Pages