LTV_LIT_MY_GEWURDE_031200_WR

Lit my gewurde...: portret fan Rense Westra

03 Desimber 2000

Portret fan akteur Rense Westra. Hy fertelt oer syn alkoholisme, jierren by Tryater en syn bernejierren. We sjogge him oan it wurk by opnamen fan de telefyzjesearje Westenwind en by repetysjes fan amateurtoaniel. Westra spile ek yn films, De fûke en De Gouden Swipe fan regisseur Steven de Jong dy't ek oan it wurd komt.

LTV_SKRIUWERSLIBBEN_HARMEN_WIND_191100_WR

Skriuwerslibben Harmen Wind

19 Novimber 2000

Portret fan de produktive dichter Harmen Wind yn syn wenplak Doesburg. Hy fertelt oer syn libben en wurk, hy skriuwt yn it Frysk en Nederlânsk. Ek skriuwt er romans.

LTV_UNDER_DRUK_STREEKBLEDEN_051100_WR

Under druk: oer regionale streekblêden

05 Novimber 2000

Fryslân ken neist twa regionale deiblêden tal fan streekblêden. Guon binne opkocht troch de Friese Pers, oaren bestean noch altyd. We sjogge op de redaksjes fan de Nieuwe Ooststellingwerver, Actief en Harlinger Courant en prate mei de meiwurkers oer de ynhâld, abonnees en de takomst. It nijs op lokaal nivo, sport, famyljeberjochten, polityk en ferieningslibben makket de ynhâld fan belang foar de lêzers. We sjogge ek by de drukker en op de redaksje fan it Groninger Dagblad.

LTV_OARS_BOUWE_291000_WR

Oars bouwe

29 Oktober 2000

We sjogge by in pear yn Koudum dat in duorsum hûs bout fan strie, by útfiner Pieter de Bruin dy't in 'Waddenwoning' bouwe wol en fan glês bakstien makket en we sjogge yn de Drachtster wyk Morrapark dêr't duorsum boude hûzen stean. Fryslân rint wat achter op it mêd fan duorsum bouwe, it soe djoerder wêze, mar dat is net sa, seit de adviseur.

LTV_REGIO_NOORD_240900_WR

Regio Noord: oer it loadswêzen

24 Septimber 2000

We sjogge by it wurk fan in loads, hy helpt in Ingelsk baggerskip feilich de haven fan Harns binnenfarren. It loadswêzen stiet foar in feroaring, de minister wol tenei skippen oant 100 meter frij stelle fan de loadsferplichting. Tal fan partijen komme oan it wurd oer de foar- en neidielen. Guon ha noed oer de feilichheid. Ek sjogge we yn de haven fan Rotterdam.

BOPPESLACH_LAUWERS_OOSTERGO_020598_WR2

Boppeslach: Lauwers - Oostergo 1998

02 Maaie 1998

De lêste kompetysjewedstryd yn de tredde klasse amateurfuotbal wie yn 1998 in echte kreaker. De hiele kompetysje gie it al tusken de nûmer 1 en de nûmer 2: De Lauwers en Oostergo. Op 2 maaie 1998 moast útmakke wurde wa't rjochtstreeks promovearje soe nei de twadde klasse.

LTV_MAGNEETSWEEFTREIN_031004_WR

De ridende trein. Wa springt derút?

03 Oktober 2004

Al jierren is in nije spoarferbining mei de Rânestêd in grutte winsk fan Noard-Nederlân. Hoe flugger de trein, hoe mear wurkgelegenheid, is it idee. Begjin dizze ieu wie de magneetsweefbaan dêrom in opsje. Mar yn de rin fan de jierren feroare it politike klimaat. Yn dizze dokumintêre út 2004 komme foar- en tsjinstanners fan de sweeftrein oan it wurd.

LTV_IT_SNELLE_SPOAR_081000_WR

It snelle spoar

08 Oktober 2000

Yn maart 1998 waard in histoarysk akkoart mei it earste kabinet Kok sluten: it ekonomysk swakke Noard-Nederlân soe in miljarde-ynjeksje krije en der soe in helberensûndersyk komme moatte foar in flugge ferbining tusken it westen en it noarden fan it lân. De noardlike provinsjes oriîntearje harren dêrom op de nijste en rapste techniken. Der wurdt ynset op de magneetsweeftrein, in djoere opsje dêr't de mieningen oer ferdield binne. Ek as de kânsen keare, hâlde bestjoerders oan de sweeftrein fêst. Yn 2000 brocht dizze dokumintêre in oersjoch.

LTV_ORFEO_OP_DE_BOMBREKKEN_250600_WR

Orfeo op de Bombrekken

25 Juny 2000

We sjogge by de tarieding fan de opera Orfeo Aqua dy't Tryater op it wetter fan de Bombrekken opfiere wol. Dirigint Hoite Pruiksma fertelt oer syn idee en syn bân mei de natuer dêr by Warkum. Regisseur Jos Thie fertelt oer it ferhaal en it sykjen nei in Fryske ynfalshoeke. We sjogge by repetysjes fan countertenoar Gart Boyce (hy fertolket Orfeo) en it koar, by de bou fan it gigantyske dekôr en hoe't de kostúms foarmjûn wurde.

LTV_KEUNSTNERS_OP_PELGRIMAAZJE_180600_WR

Keunstners op pilgrimaazje

18 Juny 2000

Yn oanrin nei de grutte Friezereüny fan Simmer 2000 is it foar it Frysk Festival it projekt Pylgers nei Fryslân betocht, mei as tema pilgrimaazje: 'mei de holle yn de wolken en de fuotten op ierde'. Byldzjend keunstners makken wurk yn gearwurking mei in oare dissipline. We folgje in pear projekten. Byldzjend keunstner Gerrit Terpstra makket mei musikus Klaas Hoek wynfangers yn it lân by de Hemdyk.

LTV_FRYSKE_SUVELKOOPERAASJES_210500_WR

Fryske suvelkoöperaasjes: no sil de bûter jild jilde

21 Maaie 2000

Hie Fryslân earder 150 suvelfabriken, de earste wie yn 1879 yn Feanwâlden, no binne der noch twa grutte suvelkonserns, wêrfan Friesland Coberco Dairy Foods mei 16.000 boeren as oandielhâlder. Yn de rin fan de tiid moasten tal fan suvelfabriken slute en kamen skaalfergrutting en fúzjes op. Eardere direkteuren, melkfeehâlders en wurknimmers fertelle oer de skiednis en de feroaringen. Ek is in soad argyfbyld te sjen.

LTV_IN_YID_YN_FRYSLAN_070500_WR

In Yid yn Fryslân, in Fries yn Israel

07 Maaie 2000

We sjogge by de Joadske mienskip yn Ljouwert, fiering fan Pesach en Poerimfeest. En hearre fan Benno Troostwijk oer de skiednis, fan de Joadske skoalle en synagoge. Ies de Vries emigrearre út Fryslân nei Israel en fertelt oer syn libben dêr, as Joad fielt er him dêr thús. Ek sjogge we by in Joadsk begraafplak by Teakesyl en wat der oan argyf te finen is by it Ryksargyf en sjogge we by izerhannel Cohen, oprjochte yn 1868. Skriuwer Rink van der Velde fertelt oer syn tiid yn de kibboets. Syn dochter Wytske wennet dêr no.

Pages