Boeren stean foar in dilemma no't de molkprizen leger binne, se moatte mear melke mar de nije mestwet skriuwt krekt minder kij de hektare foar. Moatte se ynvestearje of goedkeaper produsearje? Yn dit programma sjogge we twa typen boeren: de manager en de komelker. Rinse Strikwerda hat goed buorke en wennet yn Switserlân. As hobby hat er in modern en effisjint melkfeebedriuw yn Wytmarsum mei 700 kij en de allernijste technyske helpmiddels. Rudie Abma hat mei syn frou Niesje 40 kij yn Nijhuzum. Hy hat net it nijste fan it nijste, de kij binne heal om heal bûten yn de saneamde iepenfrontstâl.
Portret fan de alsidige Anne Feddema, hy is dichter en byldzjend keunstner. Yn syn wurk spilet muzyk in grutte rol. Hy fertelt oer syn libben en wurk. We sjogge him optreden yn Delfshaven en by Poetry International yn Rotterdam, op in keunstbeurs en yn syn stêd Ljouwert. It Liwwadders spilet ek in rol yn syn wurk.
Yn dit programma folgje we trije Friezen dy't allegear tsien jier lyn nei Amearika emigrearren. Advokaat Bart Stapert helpt yn Orleans de befolking mei rjochtsbystân en striidt foar de ôfskaffing fan de deastraf. Gosse Damstra wennet mei syn famylje yn de buert fan Dallas, hy hat in melkfeebedriuw, Damstra Dairy. En Welmoed Laanstra wennet yn New York. Earder wie se huoddemakker en wurke se by it moadehûs DKNY, no sit se yn de keunsthannel. We sjogge hoe't harren libben derútsjocht en se fertelle wat Fryslân en it Fries wêzen foar harren betsjut.
Tal fan kij moasten romme wurde om't se besmet wienen mei de kowegryp. Yn de striid tsjin dat firus waard in faksin ûntwikkele, mar dat feroarsake wer oare problemen by de kij. Ferskate partijen komme yn dit programma oan it wurd: boeren, ûndersikers en dokters. Se fertelle har kant fan it ferhaal.
Foar de manifestaasje ‘In Verbelinge, keunst op basis fan ferhalen yn it Stellingwerfsk’ binne acht keunstners útnûge om wat te betinken, ynspirearre op de streek, kenmerken en ferhalen. We folgje in pear keunstners: Groenewoud/Buij meitsje in grutte reade teddybear, Atte Jongstra makket by de slûs yn Nijeberkeap in byld yn stien mei in Fryske en Stellingwerver tekst, de Amerikaan Allen Ruppersberg makket in byld foar de frijwilliger en de Ingelske Georgina Starr wol in liet meitsje. We folgje de keunstners yn har syktocht en sjogge by it proses fan meitsjen.
Geart de Vries praat mei Bearend J. Fridsma. As jonkje fan 6 jier is er mei syn famylje út Skearnegoutum nei Amearika emigrearre. Dêr hat er him ûntwikkele ta Frysk strider. Hy hie syn eigen krante 'Frisian News Items'. Dêrmei hâlde er de Fryske emigranten yn Amearika op 'e hichte fan wat him yn Fryslân ôfspile. Hy fertelt oer syn wurk en libben.
Gryt van Duinen praat mei Joop Sprock. Hy fertelt oer syn wurk yn it Ljouwerter ferset. Neist syn wurk yn it ûnderwiis hat er as passy toaniel en regissearre tal fan stikken.
Geart de Vries praat mei Hiske van der Woude-Roorda, dochter fan de ferneamde kommunist Gerrit Roorda (1890-1977). Hy wie stakingslieder, yn de bou en wurkferskaffing. Yn 1927 kaam er yn de gemeenteried fan Opsterlând en yn Provinsjale Steaten. Hy hie in foarleafde foar de Sovjet-Uny. Syn dochter fertelt oer it libben fan har heit en har eigen oantinkens. Tryater is dwaande mei in stik oer Roorda (spile troch Romke de Leeuw).
Gryt van Duinen praat mei Johannes Brandsma, âld-boargemaster fan Ljouwert. Hy waard berne yn Feinsum en groeide op yn Stiens. Nei't er jierren yn de lânbousektor wurke, waard er yn 1967 beneamd as boargemaster. Yn 1983 gie er mei pensjoen. Hy fertelt oer syn libben en wurk.
Gryt van Duinen praat mei skriuwster Riek Landman. Se is yn Drachten berne en die de kweekskoalle. Se fertelt oer har wurk en libben. Se spile toaniel by it selskip fan Tetman de Vries en stie mei oan de widze fan Tryater. Ek skreau se tal fan boeken.
Gryt van Duinen praat mei politika Dieuwke de Graaff-Nauta yn har wenning yn Snits oer har karriêre, leafde foar it (skûtsje)silen en it Frysk. Nei de kweekskoalle wurke se in skoft yn it ûnderwiis, mar letter folge in politike karriêre (by it CDA). Se wie steatelid en deputearre yn Fryslân, gemeenteriedslid en wethâlder yn Snits en yn 1986 waard se frege om minister te wurden, se betanke, mar waard doe steatssekretaris fan Ynlânske Saken yn it kabinet Lubbers.
Geart de Vries praat mei oannimmer Dirk Lont. As jonge fan 14 kaam er nei de legere skoalle by syn heit yn it bedriuw op It Bilt. Hy woe wol leare mar dêr wie gjin jild foar. Heit hie in ûnderhâldsbedriuw en wurke foaral foar de agraryske sektor. It bedriuw is ûnderwilens útgroeid ta in boubedriuw mei sa'n 100 wurknimmers en yn hiel Fryslân ha se tal fan huzen boud. Lont fertelt oer syn wurk en libben.